09 december 2019

Yn in poer Fryske gearwurking is resintlik yndustryterrein ‘’de Hemmen’’ as easte yndustryterrein fan Snits foarsjoen fan supersnel glêsfezel. En de earstfolgjende terreinen yn Snits steane ynpland foar begjin 2020.

wauwau, de challenger yn ‘e saaklike glêsfezelmerk, hat der yn in noflike en linige gearwurking mei telekombedriuw Eazit, de gemeente Sneek, én oannimmersbedriuw Direct Connect Telecom foar soarge dat ûndernimmers op ‘’de Hemmen’’ no ek gebrûk meitsje kinne fan ynternet fan 100 oant 500 Mbit/S, fan 99,- yn ‘e moanne ôf. In thúswedstriid mei goed resultaat dus – en dêrby in soad hiele blide klanten!

De op service rjochte oanpak fan Deltafiber soarget der ûnder oaren foar dat foar alle klanten in yndividueel plan makke wurdt. En alle ûndernimmers dy’t gearwurkje mei Eazit binne ek fuort foarsjoen fan goede telefony en oare providertsjinsten.

Fierder is wauwau aktyf mei in eigen salesforce op de troch har ûntsletten yndustryterreinen, om sa folle mooglik ûndernimmers oan te sluten. Op ‘’de Hemmen’’ binne dy klanten oernommen troch Eazit, mar op oare yndustryterreinen is er noch romte foar oare providers. Dus wa’t dêr belangstelling foar hawwe – nim kontakt op mei wauwau

De doelstelling fan wauwau is 5.000 aktive abonneminten fóár 2025 ôfsletten te hawwen. En troch de oplevering fan ‘’de Hemmen’’ komt dy wer in grutte stap tichter by.

wauwau – Fast, Furious and GOOD.